ynnimmen, ynjaen as
ynsmytten) oan 'e actie's, oan 'e reisen by nacht in by dey, mey
stoomscip as stoomwein, oan lytse in greate, goede in tjoede reisen, oan
oafdiene in uetstelde reisen in oan siskes in spreckwirdtjes fen reisgjen
in rys in riiz in riize oafkomstich.
Hwat wirdt er al sa net mey _Rys_ dien, mey Rys yn alle
beteikenissen fen 't wird? Hwa doar, hwa wol in hwa kin in hwa scil dit
sizze. Mar--nysgierrich is 't dat er sa 'n aerige
profetsye yn leit, dær
min fen sizze mey, dat de tjinswirdige eygener de goede folbringer fen
is. Dat syn Heech Berne foar alle tjoede clips bewarre blieowe mey--is
de winsce fen myn hert!
_Rome_. Min seit it is ney ROMULUS neamd, dy foärsycker eak
heech spriik, dær 't er keuning waerd (750 jier foar JESUS komste) in
earst mey wolwinne maolke great macke is; sa 't min 't wol Berome,
bereamme, beroomde, fette stæd doopt hawwe mey. Neyer hân is dat
wirdke _Be_ fæst wey-fallen: min lit ommers sa wol mear ien letter
twae wey, as docht er ién as twae by ney eygen forkiesinge. Dat is
alleman lyckwol net ta betrouwd, om mar to jaen in to nimmen, sa 't
min wol. Sjogge hjir ien stealtje:
"Ik zal, sprak vader VADIUS, dien ouden ram eens kelen; Maar snijdt
gij _me_ onderwijl de ballen knapjes af;"
Terwijl hij zich gebukt aan
't slachterswerk begaf.
En 't knaapjen flink van hand, gehoorzaamt
zijn bevelen, En--wip! daar ligt de boel in 't zand,
En de arme Priester
is ontmand,
Uit misverstand.
Spreek duid'lijk, die beveelt, gebieden is geen
spelen.
BILDERDIJK.
Mar--hwat _Rome_ oangiet, vader HUYGENS tocht er eack sa oer, dat
it beroomd room, fet op fet wier.
Hwat ien buwter dat dær eack al macke is, dat kenne nen pinnen
beschrieowe; min mat de stæd sjen in sjoen ha yn onderscheiden tiiden,
om dær ien tinkbiild oer to meitsen. Dær is hwat om ta gien! As it dær
eack clipses joun hawwe scil? Ja, minscen! foaral somt Paus
GREGORIUS yn 1512 de Almanakken forbettere hat in de clipsis er
jier op jier yn bekend maeke waerden. Mar--hwat ick fenne histoarje
fen _Rome_ sizze mey: de Pausen hjitte er jimmer noch hillich. Min
mient, dat dy hillige dynastie mar ienkear in eack foar altiid har sels
clipse hat. Ien duetscer uet 18/19 yeuw seit er fen:
Kein Weib wie 's Einmal sich ergab,
Wird künftig mehr zum Pabst
erhoben;
Denn jeder legt zuvor schon Proben
Von seiner Manheit
ab.
HAUG.
Tiiden fen LUTHER, ERASMUS, LEO in TETZEL binne wær yn oare
qualiteit.
_Munchen_. Fen Mönch, Monnik. Min seit er fen, dat dy stæd yn
fruchtberheit de measten yn _Europa_ oertreft in yn sa fier oerclipset;
er is clips in herclipsis.
_Paris_. Wær is Paris net mey it ien as it oar? Hjir mey har teal, dær
mey har preal, dær mey har kunsten, hjir mey har kuren, dær mey har
wyttenscip, dær mey har buwgen, hjir mey har hackebirden, dær mey
har hierkrollen, hjir mey har ruwckende, dær mey har stjonkende
waer--allegearr' Paris!
De stæd-sels mat danich ynne mist dele. Yn 1844 mat it er sa erch wæst
ha, dat de blynen de sjenden foar ien seur in ien leur to rjuchte brochten,
omt hja better sonder eagen seagen as de oaren mey. Min hat er mear
fen heärd, lyck as in 1572 (23, 24 Aug.) 1789, 1792, 1799, 1830. Mey
ién wird: Paris wier mistich; is mistich in macket mistich.
Hjir by komt my noch ien mistpraetje yn 't sin, twisce ien
scoenmacker in ien gelearde.
_Gelearde_. Wel, baes! jimm' haww' ien Domeny?
Hwat tinkt je fen dy man?
_Baes_. Ien slimme fraech, mynhear! foär my,
Dy 'k net beänderje kin,
As jy mat m' earst ien andert jaen
Op dizze fraech, fen my:
Hwat waer bringt follen fen 'e baen?
_Gelearde_. (schoert oppe mouwe in laket)
Wel, baes! ho miene jy,
Sa wyt ick 't net.
_Baes_. Myn goede man!
Heär den: _sa_ tinkt it my:
Continue reading on your phone by scaning this QR Code
Tip: The current page has been bookmarked automatically. If you wish to continue reading later, just open the
Dertz Homepage, and click on the 'continue reading' link at the bottom of the page.