den Heer,
En hiermede legge wij de
pin neer."
2. _Liouwert_. Er binne dy sizze, dat er alear, do 't e Alde-haof ien
beaken ynne Middelse wier, ien kastlein wenne, dy Lieowe hjitte, in,
dat min him om syn bæstens Leawe (Lieowe) weard (hospes) neamde
in dær fen dinne Leafweard, Lieuwert, Liouwert, Liouwt.
Now schrieowt min op syn heech-hollans: Leeuwarden, 'k tink
Leeuw-waarde, scil 't betjudde.
3. _Den Haag_, _'s Gravenhage_, _'s Hage_. Tink hjir, læser? oan
OLDENBARNEVELD, prins MAURITS in de DE WITTEN; tink oan
'e tiiden fen ues romruftige séhelden in dizze stæd, tink oan 'e 10
deysce fjildtocht, oan WILLEM I in WILLEM II, _yn_ in _ney_ dy
tiiden, in sizz' my den, as ick ongelyck ha, mey tu bewearen, dat min,
nei dy onderscheidene tiid n de planeten waernimmende, clipsen yn
soarten to sjen krye scoe?
_Dordt_. Hjir by is 't ommers genaoch de jierren 1618 in 1619 te
schrieowen, om ues hoopje te litten, dat er einling fen dy clips sein
wirde ken, hwat de namme fenne aldstæd to kennen jouwt:
Dor- Door- drecht--trek--Doortrek.
Trochreisgje, passeare, foarby gean; honear komt it sa noch? Clips!
clips! clips!
_St. Anna_. (Sus Anna). Scoe 't dær sa erch wirden wæse mey
Sus-anna, dat er ien heel doarp uet ontstien is? Min wyt, dat as er ien
pear jonge lju trouwden, dy hwat to foarbaerich wæst hiene, dat den it
St. Anna klockjen, onder 't lieden fen 't feestklockjen, now in den ris
mey bingele, omdat ongemerkt uet to bringen, (min trouwde do oppe
gis wey allegearr' ynne tjerke.) in ho luwder dat socks gong, ho mear
Sus-Anna; dær fen dinne seyt min noch, (went it komt ommers noch
wol ris to pas) dær rint ien bytje, as dær rint hwat fen Sus as St. Anna
onder.
_Grouw_. As dat op syn etymologisch Ge-rouw, as Gea-rouw, as op
syn Waldmans Grauw, as op syn suiwer Hollâns Graauw wirde ken as
wæse mat, as dat it mey folle _ou_-en allyck schat wirde mat, 't is gâns
clipsisch.
_Terschelling_. Eack al clipsisch. Is 't Tear (verteer) as teare schelling?
(6 stoeren). As is 't ter schelvisch en ling! (_visch_ in _vangst_ er net
forgetten, omt dy wirden oertollig wierne?) Den scoe 't oafkomstich
wæse fenne fiscery. As hat it de namme fenne Noardsee goden as
reusen kryge, dy 't mar: ter schilling! neamden, omt mar wey to schylen,
to packen? Wy scille dær strack noch ien stealtje fen jean by Akrom.
_Heidelberg_. By 'n party minscen, dy hwat lang scoen hawwe, ney
clipsen oppe poolsce hichte fen Dordt bereckene, _Heilige
berg_
læsen. Hwat mat it wæse: Heide-berg as: Hei! del berg! Ick scoe 't mey
't læste halde; went ien heide-berch jouwt net folle frucht in ick mien,
dat min dær yn dy stæd noch al ien byttje leafhabbery foar e wynstock
hat, as hawn hat. To minsten, min hat er ien fet fen 36 foet lang in 24
foet heech.
As dat fol is, as dat it leech macke wirdt troch 'e Heidelberger
godgeleardens, wyt ick net. Min kin, tinkt my, lyckwols neygean, dat sa
'n fet noch al hwat clips meitse koe. In--ien schrander reckenmaster hat
uetcyfere, dat er by de forgaederinge fenne Dordsce Synode mear
sopen (dronken, woe 'k sizze) is, as yn e ytlicke jieren, dat dit selde
huws (dær hja do hymelkindigen by eltsoar wierne) ta herberch tjinne.
_Ter Gouw_ sizze de scippers; _Gouda_ seit min oars op syn
Hollâns.
It earste hat syn eygenscip ney it wetter: Gouw; it oare mey wol a!
Goud! as Goud! a! as mey de _h_ er foär Ha! Goud! wæse, as alde
foärspelling troch 'e earste prekers dien, oppe kunst fen it
glæsschildërjen fenne CRABETTEN. Hwa wyt it!
_De Knype_. Muwlk komt dit wird wol fen 't ken nype; min wyt den,
dat it benouwtheit betjudt, as, dat it er nou besocht wirdt, dær fen dinne:
as it nypt (knypt) in weder (wær) nypt (knypt) Boven in Beneden
knype.
_Drogeham_. Scoe 't Droge, druwge, toärre ham; der ogen ham; as op
syn Zeeuwsch in Grinslansch der hoogen (ham) wæse matte?
Dat hege in druwge is altiid min to schiften. Ick jaen hjir by noch ien
riedling foär reckenmasters op, t.w.: Yn ho folle
sprongen ien flie
fenne Ham ynne Knype komme kin?
_Rys_. Wær mey dit wird dochs wey komd wæse? Rys--biisemrys, rys,
to sieden; riiz, omheechstiige; forbastere fen _reis_? (Dy twae læste
wirden betjudde eack fen pleats foroarje, mar it læste kin alle kanten
uet, in sa is 't dær by Rys, in 't earste mat altiid omheech.
Alles kin min er fen meitse. In dat hat eack wær syn eygenscip yn 't
wird-sels. Tink oan 'e boal, læser! oan 'e hueshimmelers, oan 'e
baenfegers, oan 'e kouedrieowers,--oan 't diarrhée, oan 't sop--oan 'e
loftbollen; oan 'e gæst (in al hwat mear riist troch
Continue reading on your phone by scaning this QR Code
Tip: The current page has been bookmarked automatically. If you wish to continue reading later, just open the
Dertz Homepage, and click on the 'continue reading' link at the bottom of the page.