As 't ljeacht noch tjuster is, is 't
den
Nen mist? Now, dat 's ues Domeny!
4. _Dearsum_. De earseam, soom, som, sum? De earste _um_? In sa
Dea 's um, hiem, plack, sté? Dearsum? Deare se him? Gelearden mey 'e
beslisse; mar 't scil wol sa hwat wæse, to minsten as min er ien hondert
jier twae oer practisearje wol, scil min wol wyte, hwat Dearsum is.
_Rotterdam_. Rotten (bisten) oppe daem? slimme daem; slim, as rotten
oppe daem? It komt to minsten fen it wetter: _rotte_. As scoene de
Rotterdammers de namme fen ien schelnamme halden hawwe, fen
Schiedam? dat hja seinen': 't rot al ter dam; 't forgiet ta slyck, modder.
't Rottet alles to slyck (dam). As giet it libben fen alle minscen net ney
Rotterdam?
De iene macket de reis quart, de oare lang; de iene hat ien pleisierige,
de oare ien beswierlicke, de iene ien foardelige, de oare ien scheadlicke
reis, mar alle minscen komme op 't læst oer _Dearsum_ ney
_Rotterdam_, in dær fen dinne hoopje wy allegearre yn _Hemelumer
Oldephaer'_, mar net yn _Noordwolde_ to kommen.
Wy begjinne ues reis fen _Schoot_ in _Poppenwier_. Dær fen dinne
geane ien hele boel rjuecht uet, oer _Lytsewierum_, ney de greate stæd.
Oaren meitse it ien bytje oars, in rinne _Lytsewierum_ foarby, geane
troch _Ytens_ in _Wyns_, as _Alde_ in _Nye Tryn_, blieowe to lang
yn _Vrouwbuert_, forslingerje sims ney _Loyengea_, ney de _Knype_
in _Jiskenhuesen_; oaren studeare hwat to
_Nieuw-kruisland_, oaren
besiikje quansquiis de _Hemelsce berch_, as komme yn selscip fen
studinten fen _Ald-_ as _Nykerk_ in sa hwat hinne; mar fen dizze in
jinge komme er noch al folle ris ewentjes to _Peins_ as to _Weinterp_;
forslingerje now in den ris ney _St. Anna_ in sa oer _Swartsluws_ ney
_Rotterdam_. Inkelden mey to _Blija_, to _Hichtum_ as to _Wolsum_
goede daegen slyte; as lang _Ingelummer_ in _Burgummer_ wæse,
ienders giet it eack al de alde wey op.
_Broek_. Dær binne fen sels alle froulju ynne bruwk. Hat muwlk ien
fenne Amazonen (Dowen mei bruwken oan) mey opset sin ien doarp
oanlein, om de eare fenne frouljues bruwk foär iiwich op to halden?
Min fynt se noch al mear yn ues Lân: _Noardbroek_,
_Zuidbroek_,
_Bennebroek_, _Donkerbroek_, in hwa wyt wær min al mear nen
Broeken hat, dær min se al heel net mient to hawwen!
_Schiedam_. Hwat scil min er fen meitse? Scoe it eack fenne Ingelscen
oafkomstich wæse; dy, omt se sly nen gin (jenever) binne, in dær bæste
soarte founen, fen bliidscip floekten (dat dogge se mear) seinen: 's God
dam? dat dit swietjes wey yn
Scho-Sche- Schiedam foroare is? As
scoe 't posteriori gien
wæse?--Min mey reckenje, sa fier in sa heech
as min wol, de clipsen to bereckenjen oppe hichte fen _Schiedam_, in
egaelwey it begjin, midden in ein oan to wiisen, in de greatte yn
tommen to sizzen--sa 'n minsce hat er noait wæst in scil er eack noait
komme. Né, alle ministers, hegeschoällen mey alle perfesters, alle
reckenmasters mey 'n oar, dy er op Gods gansce ierdbodem wenje,
binne dær net ta yn steat. De matigheits-, de aofschaffings in alle oare
genoatscippen mey har bæst dwaen, om geschikte
ystreminten to
kryen, wær troch 't min se sonder schea troch sjen ken, dit is de
cirkel-quadratuer ynne sedekinde in it macket de beschaewinge gelyck
oan ien oaneindige breuk, dy de ienheit wol neyer in neyby komme,
mar noait alheel uetdrucke ken.
Socke clipsen to bereckenjen, dær mochten de Almanakmaekers dochs
wol ris mey begjinne!
_Schiedam_ mey fen dinne wæse wær 't wol--wy sizze noch: "God
damje 't!"
_Loyengea_. Is dit it alde "Luilekkerland" it gea fen lântlopers in
luiwammesen? it Loyengea? 't gea, dat net folle opbringt? It hjit mey
_Goëngea_ de lege gea'n; legean, seit min ynne wânling. Is er eack
oerienkomst to siikjen yn Loyela in Loyenga? It rymt foar in efter to
minsten, in as de beyde eynen lyck lizze, passe de middens den eack
net op eltsoar? De dichters ryme ommers eack mar mey ien, twae
letters, in min seit den lyckwols: "dat rymt alheel, dat rymt moay!"
KLOPSTOCK (de forneamde sjonger fenne Messiade) waerd troch 'e
learmaster fen CLAUDIUS net onder 'e dichters reckene, omt syn
sangen net rymden in hy sei tjin CLAUDIUS: "hier ein Ohr! und da ein
Ohr! das reimt!" Min hat rymers mey de letter in mey de geest.
_Dykshoek_. Op 't Bildt. Wærom neamt min dat Bil? sa dat min sizze
ken: de hoek oppe Bildyk, kreckt as ick sims wol sizzen hearde: op it
bil hawwe de bargen eack eagen. 't Is wier, bilbeeren seit min eack; mar
dat giet omme mackelickheit foar
Continue reading on your phone by scaning this QR Code
Tip: The current page has been bookmarked automatically. If you wish to continue reading later, just open the
Dertz Homepage, and click on the 'continue reading' link at the bottom of the page.