Clipsrymkes | Page 8

H. G. van der Veen
ha yn onderscheiden tiiden, om d?r ien tinkbiild oer to meitsen. D?r is hwat om ta gien! As it d?r eack clipses joun hawwe scil? Ja, minscen! foaral somt Paus GREGORIUS yn 1512 de Almanakken forbettere hat in de clipsis er jier op jier yn bekend maeke waerden. Mar--hwat ick fenne histoarje fen _Rome_ sizze mey: de Pausen hjitte er jimmer noch hillich. Min mient, dat dy hillige dynastie mar ienkear in eack foar altiid har sels clipse hat. Ien duetscer uet 18/19 yeuw seit er fen:
Kein Weib wie 's Einmal sich ergab,?Wird künftig mehr zum Pabst erhoben;?Denn jeder legt zuvor schon Proben?Von seiner Manheit ab.
HAUG.
Tiiden fen LUTHER, ERASMUS, LEO in TETZEL binne w?r yn oare qualiteit.
_Munchen_. Fen M?nch, Monnik. Min seit er fen, dat dy st?d yn fruchtberheit de measten yn _Europa_ oertreft in yn sa fier oerclipset; er is clips in herclipsis.
_Paris_. W?r is Paris net mey it ien as it oar? Hjir mey har teal, d?r mey har preal, d?r mey har kunsten, hjir mey har kuren, d?r mey har wyttenscip, d?r mey har buwgen, hjir mey har hackebirden, d?r mey har hierkrollen, hjir mey har ruwckende, d?r mey har stjonkende waer--allegearr' Paris!
De st?d-sels mat danich ynne mist dele. Yn 1844 mat it er sa erch w?st ha, dat de blynen de sjenden foar ien seur in ien leur to rjuchte brochten, omt hja better sonder eagen seagen as de oaren mey. Min hat er mear fen he?rd, lyck as in 1572 (23, 24 Aug.) 1789, 1792, 1799, 1830. Mey ién wird: Paris wier mistich; is mistich in macket mistich.
Hjir by komt my noch ien mistpraetje yn 't sin, twisce ien?scoenmacker in ien gelearde.
_Gelearde_. Wel, baes! jimm' haww' ien Domeny?
Hwat tinkt je fen dy man?
_Baes_. Ien slimme fraech, mynhear! fo?r my,
Dy 'k net be?nderje kin,
As jy mat m' earst ien andert jaen
Op dizze fraech, fen my:
Hwat waer bringt follen fen 'e baen?
_Gelearde_. (schoert oppe mouwe in laket)
Wel, baes! ho miene jy,
Sa wyt ick 't net.
_Baes_. Myn goede man!
He?r den: _sa_ tinkt it my:
As 't ljeacht noch tjuster is, is 't den
Nen mist? Now, dat 's ues Domeny!
4. _Dearsum_. De earseam, soom, som, sum? De earste _um_? In sa Dea 's um, hiem, plack, sté? Dearsum? Deare se him? Gelearden mey 'e beslisse; mar 't scil wol sa hwat w?se, to minsten as min er ien hondert jier twae oer practisearje wol, scil min wol wyte, hwat Dearsum is.
_Rotterdam_. Rotten (bisten) oppe daem? slimme daem; slim, as rotten oppe daem? It komt to minsten fen it wetter: _rotte_. As scoene de Rotterdammers de namme fen ien schelnamme halden hawwe, fen Schiedam? dat hja seinen': 't rot al ter dam; 't forgiet ta slyck, modder.
't Rottet alles to slyck (dam). As giet it libben fen alle minscen net ney Rotterdam?
De iene macket de reis quart, de oare lang; de iene hat ien pleisierige, de oare ien beswierlicke, de iene ien foardelige, de oare ien scheadlicke reis, mar alle minscen komme op 't l?st oer _Dearsum_ ney _Rotterdam_, in d?r fen dinne hoopje wy allegearre yn _Hemelumer Oldephaer'_, mar net yn _Noordwolde_ to kommen.
Wy begjinne ues reis fen _Schoot_ in _Poppenwier_. D?r fen dinne geane ien hele boel rjuecht uet, oer _Lytsewierum_, ney de greate st?d. Oaren meitse it ien bytje oars, in rinne _Lytsewierum_ foarby, geane troch _Ytens_ in _Wyns_, as _Alde_ in _Nye Tryn_, blieowe to lang yn _Vrouwbuert_, forslingerje sims ney _Loyengea_, ney de _Knype_ in _Jiskenhuesen_; oaren studeare hwat to?_Nieuw-kruisland_, oaren besiikje quansquiis de _Hemelsce berch_, as komme yn selscip fen studinten fen _Ald-_ as _Nykerk_ in sa hwat hinne; mar fen dizze in jinge komme er noch al folle ris ewentjes to _Peins_ as to _Weinterp_; forslingerje now in den ris ney _St. Anna_ in sa oer _Swartsluws_ ney _Rotterdam_. Inkelden mey to _Blija_, to _Hichtum_ as to _Wolsum_ goede daegen slyte;
Continue reading on your phone by scaning this QR Code

 / 14
Tip: The current page has been bookmarked automatically. If you wish to continue reading later, just open the Dertz Homepage, and click on the 'continue reading' link at the bottom of the page.