Clipsrymkes | Page 7

H. G. van der Veen
rint hwat fen Sus as St. Anna onder.
_Grouw_. As dat op syn etymologisch Ge-rouw, as Gea-rouw, as op syn Waldmans Grauw, as op syn suiwer Hollans Graauw wirde ken as w?se mat, as dat it mey folle _ou_-en allyck schat wirde mat, 't is gans clipsisch.
_Terschelling_. Eack al clipsisch. Is 't Tear (verteer) as teare schelling? (6 stoeren). As is 't ter schelvisch en ling! (_visch_ in _vangst_ er net forgetten, omt dy wirden oertollig wierne?) Den scoe 't oafkomstich w?se fenne fiscery. As hat it de namme fenne Noardsee goden as reusen kryge, dy 't mar: ter schilling! neamden, omt mar wey to schylen, to packen? Wy scille d?r strack noch ien stealtje fen jean by Akrom.
_Heidelberg_. By 'n party minscen, dy hwat lang scoen hawwe, ney clipsen oppe poolsce hichte fen Dordt bereckene, _Heilige?berg_ l?sen. Hwat mat it w?se: Heide-berg as: Hei! del berg! Ick scoe 't mey 't l?ste halde; went ien heide-berch jouwt net folle frucht in ick mien, dat min d?r yn dy st?d noch al ien byttje leafhabbery foar e wynstock hat, as hawn hat. To minsten, min hat er ien fet fen 36 foet lang in 24 foet heech.
As dat fol is, as dat it leech macke wirdt troch 'e Heidelberger godgeleardens, wyt ick net. Min kin, tinkt my, lyckwols neygean, dat sa 'n fet noch al hwat clips meitse koe. In--ien schrander reckenmaster hat uetcyfere, dat er by de forgaederinge fenne Dordsce Synode mear sopen (dronken, woe 'k sizze) is, as yn e ytlicke jieren, dat dit selde huws (d?r hja do hymelkindigen by eltsoar wierne) ta herberch tjinne.
_Ter Gouw_ sizze de scippers; _Gouda_ seit min oars op syn?Hollans. It earste hat syn eygenscip ney it wetter: Gouw; it oare mey wol a! Goud! as Goud! a! as mey de _h_ er fo?r Ha! Goud! w?se, as alde fo?rspelling troch 'e earste prekers dien, oppe kunst fen it gl?sschild?rjen fenne CRABETTEN. Hwa wyt it!
_De Knype_. Muwlk komt dit wird wol fen 't ken nype; min wyt den, dat it benouwtheit betjudt, as, dat it er nou besocht wirdt, d?r fen dinne: as it nypt (knypt) in weder (w?r) nypt (knypt) Boven in Beneden knype.
_Drogeham_. Scoe 't Droge, druwge, to?rre ham; der ogen ham; as op syn Zeeuwsch in Grinslansch der hoogen (ham) w?se matte?
Dat hege in druwge is altiid min to schiften. Ick jaen hjir by noch ien riedling fo?r reckenmasters op, t.w.: Yn ho folle?sprongen ien flie fenne Ham ynne Knype komme kin?
_Rys_. W?r mey dit wird dochs wey komd w?se? Rys--biisemrys, rys, to sieden; riiz, omheechstiige; forbastere fen _reis_? (Dy twae l?ste wirden betjudde eack fen pleats foroarje, mar it l?ste kin alle kanten uet, in sa is 't d?r by Rys, in 't earste mat altiid omheech.
Alles kin min er fen meitse. In dat hat eack w?r syn eygenscip yn 't wird-sels. Tink oan 'e boal, l?ser! oan 'e hueshimmelers, oan 'e baenfegers, oan 'e kouedrieowers,--oan 't diarrhée, oan 't sop--oan 'e loftbollen; oan 'e g?st (in al hwat mear riist troch ynnimmen, ynjaen as ynsmytten) oan 'e actie's, oan 'e reisen by nacht in by dey, mey stoomscip as stoomwein, oan lytse in greate, goede in tjoede reisen, oan oafdiene in uetstelde reisen in oan siskes in spreckwirdtjes fen reisgjen in rys in riiz in riize oafkomstich.
Hwat wirdt er al sa net mey _Rys_ dien, mey Rys yn alle?beteikenissen fen 't wird? Hwa doar, hwa wol in hwa kin in hwa scil dit sizze. Mar--nysgierrich is 't dat er sa 'n aerige?profetsye yn leit, d?r min fen sizze mey, dat de tjinswirdige eygener de goede folbringer fen is. Dat syn Heech Berne foar alle tjoede clips bewarre blieowe mey--is de winsce fen myn hert!
_Rome_. Min seit it is ney ROMULUS neamd, dy fo?rsycker eak heech spriik, d?r 't er keuning waerd (750 jier foar JESUS komste) in earst mey wolwinne maolke great macke is; sa 't min 't wol Berome, bereamme, beroomde, fette st?d doopt hawwe mey. Neyer han is dat wirdke _Be_ f?st wey-fallen: min lit ommers sa wol mear ien letter twae wey, as docht er ién as twae by ney eygen forkiesinge. Dat is alleman lyckwol net ta betrouwd, om mar to jaen in to nimmen, sa 't min wol. Sjogge hjir ien stealtje:
"Ik zal, sprak vader VADIUS, dien ouden ram eens kelen; Maar snijdt gij _me_ onderwijl de ballen knapjes af;"?Terwijl hij zich gebukt aan 't slachterswerk begaf.?En 't knaapjen flink van hand, gehoorzaamt zijn bevelen, En--wip! daar ligt de boel in 't zand,?En de arme Priester is ontmand,
Uit misverstand.?Spreek duid'lijk, die beveelt, gebieden is geen spelen.
BILDERDIJK.
Mar--hwat _Rome_ oangiet, vader HUYGENS tocht er eack sa oer, dat it beroomd room, fet op fet wier.
Hwat ien buwter dat d?r eack al macke is, dat kenne nen pinnen beschrieowe; min mat de st?d sjen in sjoen
Continue reading on your phone by scaning this QR Code

 / 14
Tip: The current page has been bookmarked automatically. If you wish to continue reading later, just open the Dertz Homepage, and click on the 'continue reading' link at the bottom of the page.