Clipsrymkes | Page 9

H. G. van der Veen
as lang _Ingelummer_ in _Burgummer_ w?se, ienders giet it eack al de alde wey op.
_Broek_. D?r binne fen sels alle froulju ynne bruwk. Hat muwlk ien fenne Amazonen (Dowen mei bruwken oan) mey opset sin ien doarp oanlein, om de eare fenne frouljues bruwk fo?r iiwich op to halden? Min fynt se noch al mear yn ues Lan: _Noardbroek_,?_Zuidbroek_, _Bennebroek_, _Donkerbroek_, in hwa wyt w?r min al mear nen Broeken hat, d?r min se al heel net mient to hawwen!
_Schiedam_. Hwat scil min er fen meitse? Scoe it eack fenne Ingelscen oafkomstich w?se; dy, omt se sly nen gin (jenever) binne, in d?r b?ste soarte founen, fen bliidscip floekten (dat dogge se mear) seinen: 's God dam? dat dit swietjes wey yn?Scho-Sche- Schiedam foroare is? As scoe 't posteriori gien?w?se?--Min mey reckenje, sa fier in sa heech as min wol, de clipsen to bereckenjen oppe hichte fen _Schiedam_, in egaelwey it begjin, midden in ein oan to wiisen, in de greatte yn tommen to sizzen--sa 'n minsce hat er noait w?st in scil er eack noait komme. Né, alle ministers, hegescho?llen mey alle perfesters, alle reckenmasters mey 'n oar, dy er op Gods gansce ierdbodem wenje, binne d?r net ta yn steat. De matigheits-, de aofschaffings in alle oare genoatscippen mey har b?st dwaen, om geschikte?ystreminten to kryen, w?r troch 't min se sonder schea troch sjen ken, dit is de cirkel-quadratuer ynne sedekinde in it macket de beschaewinge gelyck oan ien oaneindige breuk, dy de ienheit wol neyer in neyby komme, mar noait alheel uetdrucke ken.
Socke clipsen to bereckenjen, d?r mochten de Almanakmaekers dochs wol ris mey begjinne!
_Schiedam_ mey fen dinne w?se w?r 't wol--wy sizze noch: "God damje 't!"
_Loyengea_. Is dit it alde "Luilekkerland" it gea fen lantlopers in luiwammesen? it Loyengea? 't gea, dat net folle opbringt? It hjit mey _Go?ngea_ de lege gea'n; legean, seit min ynne wanling. Is er eack oerienkomst to siikjen yn Loyela in Loyenga? It rymt foar in efter to minsten, in as de beyde eynen lyck lizze, passe de middens den eack net op eltsoar? De dichters ryme ommers eack mar mey ien, twae letters, in min seit den lyckwols: "dat rymt alheel, dat rymt moay!"
KLOPSTOCK (de forneamde sjonger fenne Messiade) waerd troch 'e learmaster fen CLAUDIUS net onder 'e dichters reckene, omt syn sangen net rymden in hy sei tjin CLAUDIUS: "hier ein Ohr! und da ein Ohr! das reimt!" Min hat rymers mey de letter in mey de geest.
_Dykshoek_. Op 't Bildt. W?rom neamt min dat Bil? sa dat min sizze ken: de hoek oppe Bildyk, kreckt as ick sims wol sizzen hearde: op it bil hawwe de bargen eack eagen. 't Is wier, bilbeeren seit min eack; mar dat giet omme mackelickheit foar 't uetsprecken: in buwte dat, bilboeren binne alle boeren. It alde wird, seit ien alde-tealkenner, betjudt: Be-?led--bewettere--bestroomd mey wetter; d?rom 't Dykshoekje: 't P. hoekje.
_Ammen_, _ommen_, _gea-en_. Folle nammen fen st?den in doarpen hat min yn ues lan, dy sa sluete. Yn ues _Fryslan_ hat min folle _um_ (om) in _gea_. _Gea_ wirdt oer 't algemien wol forstien in halden foar: _earne_ (ergens) _streek_, _lan_, _contreye_. _Iestergea_, _Follegea_, _Duennegea_ in dat duennet in geaet sa ien great deel fen uws provincie troch.
Mar as _am_ in _um_ allege?rre sa fier wey socht wirde scille, as dit mey _Koudum_ (Kowe-dom?) in _Ackrum_ 't gefal is, den hawwe de Mythologisten noch hwat to forhackstuwckjen.
Fen _Akrom_ wirdt _sa_ sein: De reusen, (min ken se, mey har schonken fen 20 jelne, sa fluch as de wyn in sa great as de Alde-haof; min wyt, ho 't se sprongen as wynhounnen; mey bar lieuwe koppen, slangehuwden, eagen as folle mo?nnen, hier as boartsels--ien bosch lyckmey toscen as stienrotsen; ien luwd, dat 6 oeren fier yn _'t_ roun he?rd waerd; dy 'n haey behimmelen kreckt as wy ien iel; rewieren yn ién swolch leech dronken; it iiser briiken mey har hannen as wy it gl?s as ien breakoarste, in de be?mmen del traepen as g?s) now, socke reusen macken effentjes it farwetter fen _Irnsum_ nei _Akrom_. Mar har forstan wier yn allen sa great net as bar lichmen; in min wist do eack noch fen gen waterstaet in ingenieur, lyck as now. Mey 'n rep hierne se dat sleattje uetsmyten', mar--ién fen dy alde polderjonges (de?putbaes) gong 'ris ewentjes mey de earmen oere nael feone Akrommer toer lizzen, seach by 't wirk lans in raop: _A!! krom!!_ lyck as min noch sljucht wey seit: _Akrom_.
Mear documinten in meditaesjes oer clipsery hat min ynne Visoenen fen YNTJE JANSZOON, Dr. LUDEMAN, LAURENBERGCH; Mathematische Verlustigingen, Jobsiade, de Domenys hifke, Dr. STRAUSZ,?Bijdragen tot de huishouding van staat fen dr. EEKMA, Moeder de Gans, Thijl Uilenspiegel, Bunjans Christenreize, de wandelende siele in s.f., CLEMENT MAROT, de geest van JAN TAMBOER, Bijdragen tot het lagere schoolwezen in Nederland
Continue reading on your phone by scaning this QR Code

 / 14
Tip: The current page has been bookmarked automatically. If you wish to continue reading later, just open the Dertz Homepage, and click on the 'continue reading' link at the bottom of the page.