Clipsrymkes | Page 6

H. G. van der Veen
onforfalst sinis barre ken, Min sloopt jins eagen in ick sizz' Dat 't faeks den clips wirdt in herclipsis.[L]
18. In berntjes, goede, froede lju, Och God! ontjilde dy 't net rju?! Neam elts 't mar oars, dy wol, ick sizz' Er binne berne- in bernsbernsclipsis.
19. Begjin fen ADEMS tiiden aof, In fenne schied'nis yn it haof, Ja, follen neam 't d?r klear, mar 'k sizz' 't Is d?r foar folle mear noch clipsis.
20. d' Historie fenne wetterfloed, Fen ABRAM, ISA?K in har bloed; _Egijpte_, _Arabie_, _Horeb_--'k sizz' 't Is mannich Jood in Christen clipsis.
21. Nen Turk beclipset _Mecca_ sa; Min mey ien seilstien b?d d?r ha, Fo?r vader MAHOMED,[M] ick sizz 't Is ien fenne alderlytste clipsis.
22. _Jerusalim! Jerusalim_! Al spriik uet 'e hymel d?r Gods stim-- Gelearden mey 't betwistje--ick sizz' By 't greatste ljeacht, de greatste clipsis.
23. Hwa roun net, in ues tiid, to keap, In raop 't nysgierrich folk to heap Mei printjes fen dy clips?! Ick sizz' Noch sjucht in heart min 't yit, o clipsis!
24. Mar fjouer clipsen 't hele jier? ? Almanakjen wier 't mar wier; Mar net ien eagenblik--ick sizz' 't Is altiid, hjir as d?r, wol clipsis.
25. Went--scil min ien goed ding hiir ha, D?r he?rr' yit trye dingen ta, Seit CLAUDIUS. In is 't sa, 'k sizz': Den ken 'k mar ien, ien _goede_ clipsis.
26. Ues trye bollen meitse dy, Mar den 's de wachter[N] fol as ny: Ja fol in ny! Ho mannich, sizz' Bringt hjir mey fol in ny 'n quea-clipsis.
27. Mey heal, mey quart, mey wrack mey ald, In sonder sinne hat de wrald, To jammer faek--'t is wier ick sizz' Net to bereckenjene clipsis.
28. 't Mey w?se, dat it roune, omheech, Allinne roun schaed jouwt omleech-- Dat roune is hjir faek glydrich, 'n 'k sizz' 't Jouwt stroffling in socks neam ick clipsis.
29. O, clipserie fo?r sin in hert, Forsmaedsje wy dyn foarschrift net: Fen fierren, 'n troch 'e fingers--'k sizz'-- Sjucht min faeks sonder schea noch, clipsis.
30. Wol, dy mey 't ste?rren, bliid in fry Seit: "'k clipse nimmen--'n nimmen my." Min mey 't mey sizzen dwaen--ick sizz' De dea-snick' noch, mar d?r?! nen clipsis.
31. Mar de ierdkleat draeit mey ues sa hird, Dat 't Trye Ien (hill'ge schymer) wirdt; In JESUS (clips-fry) God!... Ick sizz' Wy libje clips, wy ste?rre ... O clipsis!!
OANTEIKENINGEN
BIJ DE
CLIPS-ODE.
1. Alles, hwat mar ald in hwat ny is, wirdt berymd, L?sers! in scoe min 't my den qualick nimme, dat ick ien ding sa ald in sa ny fen beiden, eack berymde?
Foaral net, as min wyt, dat iek eygentlick net sa 'n greaten rymer bin (dy hjitte lieow 'k tichters--dichters, mien ick) dat ick jimme in my sels fenne wrald loatse scoe, went ik ken net b?st omheech komme in ynne hichte forkeare, (den wird ick duwselich in 't begjint my to schymerjen) sa 't ick myn rymfjoer net ynne wolkens timperje ken, lyck as ... mar ik wol nen minsce beclipsje, mar dy immen sey: "ik schop den aardbol weg, en doop mijn wicken in de wolken!"
As 't jin sa begjint oan to gean in yn to barnen, den is 't better mey SYBE KUNST[O] to sizzen:
"Wij winsen u alle de segen van den Heer,?En hiermede legge wij de pin neer."
2. _Liouwert_. Er binne dy sizze, dat er alear, do 't e Alde-haof ien beaken ynne Middelse wier, ien kastlein wenne, dy Lieowe hjitte, in, dat min him om syn b?stens Leawe (Lieowe) weard (hospes) neamde in d?r fen dinne Leafweard, Lieuwert, Liouwert, Liouwt.
Now schrieowt min op syn heech-hollans: Leeuwarden, 'k tink Leeuw-waarde, scil 't betjudde.
3. _Den Haag_, _'s Gravenhage_, _'s Hage_. Tink hjir, l?ser? oan OLDENBARNEVELD, prins MAURITS in de DE WITTEN; tink oan 'e tiiden fen ues romruftige séhelden in dizze st?d, tink oan 'e 10 deysce fjildtocht, oan WILLEM I in WILLEM II, _yn_ in _ney_ dy tiiden, in sizz' my den, as ick ongelyck ha, mey tu bewearen, dat min, nei dy onderscheidene tiid n de planeten waernimmende, clipsen yn soarten to sjen krye scoe?
_Dordt_. Hjir by is 't ommers genaoch de jierren 1618 in 1619 te schrieowen, om ues hoopje te litten, dat er einling fen dy clips sein wirde ken, hwat de namme fenne aldst?d to kennen jouwt:
Dor- Door- drecht--trek--Doortrek.
Trochreisgje, passeare, foarby gean; honear komt it sa noch? Clips! clips! clips!
_St. Anna_. (Sus Anna). Scoe 't d?r sa erch wirden w?se mey Sus-anna, dat er ien heel doarp uet ontstien is? Min wyt, dat as er ien pear jonge lju trouwden, dy hwat to foarbaerich w?st hiene, dat den it St. Anna klockjen, onder 't lieden fen 't feestklockjen, now in den ris mey bingele, omdat ongemerkt uet to bringen, (min trouwde do oppe gis wey allegearr' ynne tjerke.) in ho luwder dat socks gong, ho mear Sus-Anna; d?r fen dinne seyt min noch, (went it komt ommers noch wol ris to pas) d?r rint ien bytje, as d?r
Continue reading on your phone by scaning this QR Code

 / 14
Tip: The current page has been bookmarked automatically. If you wish to continue reading later, just open the Dertz Homepage, and click on the 'continue reading' link at the bottom of the page.