Clipsrymkes | Page 4

H. G. van der Veen
mey,
Dy God lit dwaen, om sels to ræsten!?
MINSCEN.
De minscen, weagens lyk, dy troch Gods asem rinne,
Geane op in del

ney 't græf; in schomje en bruwze mear, Ney 't hja yn rommer sé as oan
'e kusten binne:
'n _Hjir_ duwckt ien as ien berch, in _dær_ ien as ien
fear!
N.N.
Ken m'n onbekend uet N.N. læse,
De greatste N.N. mat God wol
wæse.
NEYGEANDE.
Neygeande is elts hjir, jong in ald,
Mey boase lust yn 't herte;

Neygeande! it is mar: "krye in hald!"
Nen Ingels kin 't belette.
Hwat
Ingels! Doom'nys leare ues 't quea,
Hja wiise ues sels de wey
Yn 't
neygean: sjuch! ien earme dea
Giet min oan 't græf ta ney.

Neygeande minsc! dyn neyste bloed,
As 't oan dyn kreft net leyt,

Dy haldste yn 't neygean net to goed,
As wier 't ynne iiwichheit!
NIMMEN.
Ick winskje nimmen dea;
Mar NIMMEN woe 'k, dat stoar;
Went dy
docht alle quea
Foâr my en foâr ien oar.
OALICK.
Is oalick ('n oar belickt) behoarlick,
Den 's ommers eack 't wird:
oalick: _oarlick_.
OANTROUWD.
Baas JAN forlear syn wijf;
de bern wiern' raer oerstjoer;
Mar JAN
blieowt fry constant,
in treast't har om har moer.
"Ja, bern!" seit hy,
fen sels
"jimm' mem--dat mat jimm' knelle;
Ick wier mar oan har
trouwd,
mar 'k kin 't mar justjes stelle."
OMKOAL.

Ho ken min 'n omkoal sa forsmaedsje!
Is den de hele wrald gen koal,

In dær wy allegearr' ney aedsje?
Mar--omkoal rint al_tiid_ om
koal.
P.S.
P.S. Post Scriptum (Ney-schrift) JAN?
't Prinspeal fen 't schrift meits
ick er fen;
Went hwast my schrieowst, ho folle, ho min--
Forjitst' 't
P.S.--'t hat slot noch sin.
PEIL.
Onpeilbre sé, hjit _grondeloos_,
In noait is min 'r op druwchte racke;

Mar hjit ien minsce _sondeloos_--
Kin min dær eack sa peil
optrecke?
PINNE.
Schreauw mannich pinn' ris mey de fear--
(Schoan 't minder wie' to
læsen)
'k Lieow, mannich scrift die net sa sear,
In scoe sa djoer net
wæse.
Dat swarte in fyn'
('k Woe dat 'k it leach!)
Is faeks fernyn
Foär
pong in each:
Foär pong in each, dat wyt Notaris,
As, lyck as
HUYGENS seit: _Nood daer is_.
QUANSQUIIS.
'n Quacksalwrich wird neam ick, quansquiis
Fen 'n bryckjend poep,
ien Diwelbander;
"Kràns! kriis! krâns! kriis!" spriik 'r uet: "quans!
quiis!" In wær: "quans! quiis!" (it spande er)
't Geloof heärt,
quansquiis, rounom by;
't Woe, dat we er, quansquiis sonder koenen,

Mar ién quansquiis behalde wy,
In dat is 't greatst quansquiis: it
tjoenen.
QUEADE.

De Queade is ues comiis,
Om sims ues deuchd to peylen,
In wy,
ynne oare wrald,
Nen falsce waer' to feylen.
QUEA JILD, QUEA MINSCEN.
Quea jild komt fen goe' minscen,
Quea minscen fen goe' jild;
't
Falsc' jild fen echte minscen,
't Falsc' minscdom fen echt jild.
RIE IN DIE.
'n Goe rie is folle wird'ch, mar mear noch ien goe' die; Mar foärrie 's
alderbæst fen alle die in rie.
ROMTE.
"De wrald is eärsling!" sey dowe ACKE,
"Hwat ick mochte
onderwyne,
"Ho 'k screpte yn romte in romte macke,
"Ick koe yit
krapte fyne.
ROUWE.
'n Minsce' hat ien herte as stien;--syn neyste bloed forsteärr't, In hy giet
djip ynn' rouwe,
Sa lang 't hy heel nen læst fen rouw to wachttjen hat

Yn _him_ to gaen. Besouwe
W' oer 't quea fenne earste fal--forlies
foar 'e hele wrald-- Dy waerd' berouwe _opp'_ scheamte:
Now rouw't
min oeral _yn_, fen top ta tean; in haldt
De queakleur better noch, 't
blæd fen 't fiigebeamte!
SATAN.
Al hwat de Heare wæs'ne is iiwich, altiid goed,
Mar hwat ien minsce
docht, is minder goed as tjoed.
Is Satan kleare quea--hwa haldt min
foär _syn_ macker?
Dy socks foär Gods wirk haldt, neam ick ien
greaten stacker; Ien stacker lyck as him, dy fen nen goeddwaen wyt:

Ien _dwaes_, dy 't mey him _haldt_, _wiis_ dy him _farre_ lit!
SJIPPE. (OM)

_Om sjippe_, giet min yit net fier,
Wy haww' se yn 't Làn, mar lang
forlyne;
Do 't minsdom oergroeid sielsmoarch wier,
Koe m'n echte
to _Jerues'lim_ fyne:
Dær, wær 't de Hear JEZUS libbe hie,
'n
Wralds sielsmert troch Him wosken wie,
Teach 't midsyieuwsteam by
fleten hinne
_Om sjippe_--in brocht se net jamk thues:--
In 't paed
om sjippe is noch foar ues
Oer de alde krueswey eack allinne.
SNIE.
As 't ierdryck, kald in stiif, schynt ynne rouw to sitten, Struy' de Ingels
lowers del;
Foär eltse steär ien steärke, om 't minsc'dom sjen to litten,
Ho 't God, sa hillich, sa great, altiid har heit wol hjitte, Dy d' ierde oan
e hymel boun, sa fæst, dat neat har schiedt, O, minsce! set nin træd op 't
godlick sniekleed del,
As tins, dat God, as heit, syn leafde ues
schoagje liet.
TEY.
De winter, ruwch yn 't bird, wirdt fenne sinne ynsjippe, 'n Dy lit it fette
sop (de tey) op 't ierdryck drippe.
TREFFER. (IEN)
Ald schipper ROEL waerd minder oan;
Syn ein, sei Dokter, scoe hast
komme,
In wyl 't min miende, dat 'er slomme,
Wier ROELOMME
er uetschaedt tjinne moarn:
De feint raop: "now! dat treft mar
schoan--
Hwat _koe_ er moarns oars bromme!"
TRIËNNEN.
De triënnen sizze mear, as wirden ueterje kenne:--
Is 't muwlck wol
de iiw'ge tael, dy hjir
Continue reading on your phone by scaning this QR Code

 / 14
Tip: The current page has been bookmarked automatically. If you wish to continue reading later, just open the Dertz Homepage, and click on the 'continue reading' link at the bottom of the page.