winskje nimmen dea;?Mar NIMMEN woe 'k, dat stoar;?Went dy docht alle quea?Foar my en foar ien oar.
OALICK.
Is oalick ('n oar belickt) behoarlick,?Den 's ommers eack 't wird: oalick: _oarlick_.
OANTROUWD.
Baas JAN forlear syn wijf;?de bern wiern' raer oerstjoer;?Mar JAN blieowt fry constant,?in treast't har om har moer.?"Ja, bern!" seit hy, fen sels?"jimm' mem--dat mat jimm' knelle;?Ick wier mar oan har trouwd,?mar 'k kin 't mar justjes stelle."
OMKOAL.
Ho ken min 'n omkoal sa forsmaedsje!?Is den de hele wrald gen koal,?In d?r wy allegearr' ney aedsje??Mar--omkoal rint al_tiid_ om koal.
P.S.
P.S. Post Scriptum (Ney-schrift) JAN??'t Prinspeal fen 't schrift meits ick er fen;?Went hwast my schrieowst, ho folle, ho min--?Forjitst' 't P.S.--'t hat slot noch sin.
PEIL.
Onpeilbre sé, hjit _grondeloos_,?In noait is min 'r op druwchte racke;?Mar hjit ien minsce _sondeloos_--?Kin min d?r eack sa peil optrecke?
PINNE.
Schreauw mannich pinn' ris mey de fear--?(Schoan 't minder wie' to l?sen)?'k Lieow, mannich scrift die net sa sear,?In scoe sa djoer net w?se.
Dat swarte in fyn'?('k Woe dat 'k it leach!)?Is faeks fernyn?Fo?r pong in each:?Fo?r pong in each, dat wyt Notaris,?As, lyck as HUYGENS seit: _Nood daer is_.
QUANSQUIIS.
'n Quacksalwrich wird neam ick, quansquiis?Fen 'n bryckjend poep, ien Diwelbander;?"Kràns! kriis! krans! kriis!" spriik 'r uet: "quans! quiis!" In w?r: "quans! quiis!" (it spande er)?'t Geloof he?rt, quansquiis, rounom by;?'t Woe, dat we er, quansquiis sonder koenen,?Mar ién quansquiis behalde wy,?In dat is 't greatst quansquiis: it tjoenen.
QUEADE.
De Queade is ues comiis,?Om sims ues deuchd to peylen,?In wy, ynne oare wrald,?Nen falsce waer' to feylen.
QUEA JILD, QUEA MINSCEN.
Quea jild komt fen goe' minscen,?Quea minscen fen goe' jild;?'t Falsc' jild fen echte minscen,?'t Falsc' minscdom fen echt jild.
RIE IN DIE.
'n Goe rie is folle wird'ch, mar mear noch ien goe' die; Mar fo?rrie 's alderb?st fen alle die in rie.
ROMTE.
"De wrald is e?rsling!" sey dowe ACKE,?"Hwat ick mochte onderwyne,?"Ho 'k screpte yn romte in romte macke,?"Ick koe yit krapte fyne.
ROUWE.
'n Minsce' hat ien herte as stien;--syn neyste bloed forste?rr't, In hy giet djip ynn' rouwe,?Sa lang 't hy heel nen l?st fen rouw to wachttjen hat?Yn _him_ to gaen. Besouwe?W' oer 't quea fenne earste fal--forlies foar 'e hele wrald-- Dy waerd' berouwe _opp'_ scheamte:?Now rouw't min oeral _yn_, fen top ta tean; in haldt?De queakleur better noch, 't bl?d fen 't fiigebeamte!
SATAN.
Al hwat de Heare w?s'ne is iiwich, altiid goed,?Mar hwat ien minsce docht, is minder goed as tjoed.?Is Satan kleare quea--hwa haldt min fo?r _syn_ macker??Dy socks fo?r Gods wirk haldt, neam ick ien greaten stacker; Ien stacker lyck as him, dy fen nen goeddwaen wyt:?Ien _dwaes_, dy 't mey him _haldt_, _wiis_ dy him _farre_ lit!
SJIPPE. (OM)
_Om sjippe_, giet min yit net fier,?Wy haww' se yn 't Làn, mar lang forlyne;?Do 't minsdom oergroeid sielsmoarch wier,?Koe m'n echte to _Jerues'lim_ fyne:?D?r, w?r 't de Hear JEZUS libbe hie,?'n Wralds sielsmert troch Him wosken wie,?Teach 't midsyieuwsteam by fleten hinne?_Om sjippe_--in brocht se net jamk thues:--?In 't paed om sjippe is noch foar ues?Oer de alde krueswey eack allinne.
SNIE.
As 't ierdryck, kald in stiif, schynt ynne rouw to sitten, Struy' de Ingels lowers del;?Fo?r eltse ste?r ien ste?rke, om 't minsc'dom sjen to litten, Ho 't God, sa hillich, sa great, altiid har heit wol hjitte, Dy d' ierde oan e hymel boun, sa f?st, dat neat har schiedt, O, minsce! set nin tr?d op 't godlick sniekleed del,?As tins, dat God, as heit, syn leafde ues schoagje liet.
TEY.
De winter, ruwch yn 't bird, wirdt fenne sinne ynsjippe, 'n Dy lit it fette sop (de tey) op 't ierdryck drippe.
TREFFER. (IEN)
Ald schipper ROEL waerd minder oan;?Syn ein, sei Dokter, scoe hast komme,?In wyl 't min miende, dat 'er slomme,?Wier ROELOMME er uetschaedt tjinne moarn:?De feint raop: "now! dat treft mar schoan--?Hwat _koe_ er moarns oars bromme!"
TRI?NNEN.
De tri?nnen sizze mear, as wirden ueterje kenne:--?Is 't muwlck wol de iiw'ge tael, dy hjir ues siel yit spreckt? Is 'n minsce 't biild fen God,--'k lieouw, dat de triennen binne, Al 't jinge ues iiwich ick ken iiwichs hjir besinne,?Sa 't 't _wol_ by de iéne, in 't _wea_ by de oare uet 't eachwiet breckt.
UETSET.
Baes PIER syn aldste dochter trouwt,?In omt se al gans foaruet hat,?Seit hy: hja hat _genaoch_ foaruet!?In treastet har mey 'e mans uetset.
UETSJEN.
Ien minsce, pas to wrald, sjucht uet, ney boartery;?'n Ho alder noch ho mear--yn 't ein de bril er by:?Is 't ny'chheit, dat dit spil ues allegear 't ste?rren docht? Den e?rste is 't uetsjen dien, as min jinsels uet sjucht.
UET TO _YTEN_, _UET_YTEN.
Uet t' _yten_, SJIRK? pas op dyn maege!?_Uet_ yten,--'k haw fen beiden w?st--?_Uet_ yten, kenst' net mear as draege,?Uet t' _yten_ jouwt noch swierder l?st.
NB. Uet to _yten_ is by de boeren uet to _tjock_-yten;?_uet_yten, neame hja troch it yten _uet_set, _dyd_: yn de earste beteikenis wirdt SJIRK hjir eack sa oan spritsen; mar it de oare sjucht mear op uet
Continue reading on your phone by scaning this QR Code
Tip: The current page has been bookmarked automatically. If you wish to continue reading later, just open the
Dertz Homepage, and click on the 'continue reading' link at the bottom of the page.