't adeldom? ho dom! neamt min de wysheit[B] sa??Brocht net de slange yn 't Haof den d' adel minscdom ta? In dat wier ommers wiis:--de minsc mo?st falle in stean: 'n Alle adels neam ik _dom_, dy _foar_ as _ney_ dy gean'.
APEL.
Hwa 't alleman fordomt, omt ADEM apels mocht--!
Ick jaen myn tawird net:?'k Ha 't ADEM eack net jown, 'k hoopj 't hy yn 't jongst gerjucht
Yn my ién foarspraek het.
BEGJIN.
't Begjin hat nen begjin as ney ien f?st besluet,?In hwat it ein beschrieowt--socks wiist 't begjin faeks uet.
BEWIIS.
Is mannich troch 't bewiis net faek forbjustre racke,?Omt min mey ljeacht bij ljeacht, nen ljeacht mar schymer macke?
BUCHEL.
"Gebreckich, dy ien buchel hat!"?Dat lycket TRYN hwat geck ta:?"'t Is oerfloed," seit se, "Ey ju!" sey TET,?"'t Komt, 't each wol synes eack ha."
C.
It Hollans hat nen C, ho scil min cint den schrieowe??Sint! (hillich?) 't koe nen quea: cint sintet 'n hopen lieowe.
C H A R O N.[C]
Hwat hie 'k, aldman, foarhinne ien fear,?Dat b?st wier; hwat is 't now??Forgees--de minscen kenne n't mear,--?Forgees is 't now, dat 'k schow.?'k Tochte earst, 'k lizz' fo?r myn alde dey,?'n Miljoen braspennings,[D] gl?dwey, wey:--?Romein in Griek dy hiene?By 't stalt; mar Jood in Christ'nen staen',?Mey lege buwssen 'n moaye klean;?Hwat scoen' dy schepsels miene!
Wyl 't ick it folle drocker ha,?(Min stoomt my 't folk bij fleten ta!)?'n Now minder yitte barre??Ne, is de wraldmerk' mar ris oer,?As 'k harren eack ien reckning stjoer!?Forgees scil ick net farre.
'n Do?rwaerder ('k sizz' 't har, dy hwat wyt)?Dy hat myn spil ynn' hannen;?In as it Hege Rjuchtshaof sit,?Den huwcht 't er net to spannen,?As 't is mar: "wey, mey him! (in foart)?Hast' dy to wrald mey 'n o?rmans goed,?Formacke in dien, man, b?stich!?Dat mast belye, hondert jier,[E]?Mienst 't Charon hjir dyn jonge wier??D?r fo?r 's syn fear to laestich!"
Now, minscen! tink 'ris onderweis,?Ho blieow 'k 'n knap man de l?ste reis:
Tjien duiten binn' jimm' nedich;?As cinten binn't now--sandeheal--?'t Is 't selde eack ho 't it hjit--'t prins'peal
Dat macket ues hjir fredich.
Fen ADEMS tiid is myn octrooi?My jown troch Gods genaede:?'n Yn 't earst wier 'k wol ien byttje loay;?Mar 'k waerd' sims eack oerlaeden?Mey swiere frachten[F] d?rom seach?Ick, dat ien ink'len oars foart teach;[G]?Mar dat bart now net langer,?'k Far now op Gods genaede ta,?In somt 'k by JEZUS hellinge ha,?Waerd 'k eack ien byttje stranger.
To fore sette ick wol ris oer?Foar 'n botsen, 'n blank as foar ien stoer,
Sims by de gratie allinne:[H]?Mar 't swier fortimm'rjen twinget my,?(De berntjes blieow' noch lyckwols fry)
Dat mat ick eack w?r winne.
In d?rom, minscen! dwaen jimm' b?st,?Went, sycker, 't eintje draecht it l?st:
"_Steun op genaede allinne,?As jimme klear binn' mey de fracht;?Went CHRISTUS jouwt noukeurich acht,
Ho flytich dat we binne_.
CINTEN CINTEN.
Cinten?Sinten'?'t Christendom:?Christ'en?Christ'nen'?CHRISTUS om.
DEA.
Kenn' wy mey better fe?rman farre,?As dy ues ney de hymel bringt!?Wy blieowe eack den by him bewarre,?As schip in laeding yit forsinkt.
DOMENYS.
Och: _dom_ en _nys_! sa ken min 't l?se;?'t Wier better _wiis_ in _nys_, tocht' my:?Wier 't domme _nys_: (freamd) 't mocht sa w?se--?Mear _wiis_ nys kaem fen domeny.
DROME.
JAN seit, dat 't libjen dromen is,?KLAES mient, 't is fier it plankjen mis;?Dat striidt as ljeacht in tjuster;?Mar ick sizz': drome in miene is ien,?Wirdt sliepend 't ien, 't oar weitsend' dien--?'t Is beyde 't buwckjen bjuster.
EARE.
Muwlk is dit blinkjend goed?Dat 'e wrald fo?r echt forkle?rret,?Meast all'ge?rr' falsce munt?As de iiwichheit 't wirdde?rret.
ECHT.
"De H fo?r echt,"?Seit HALBE, "is hecht:?'n De man is 't hoofd, sa tinkt it my,"?"In de S foar echt,"?Seit SIPK, "klinkt s?cht:?Ick bin de hals, sa draey ick dy."?Nen letters--rjucht as krom,?Dy dope ien echte echt om.
EED.
Twae fingers? hwat ien quea! sa doar min God oanroppe!?'n Falsce eed beswaerd mey 'n eed!--ién is er ommers boppe. Tink oane schrift, dy seit: swaer by nen ding, mar sizz': "Ja, né,"--mey 't hert--dat d?r by muwlk forgetten is.
FARYSEE.
Bekeard yn wird; yn 't w?sen?In Ingel, fo?r ien oar;?Mar net yn 't hert to l?sen,?Went satan stiet 'er foar;?O! neam him och noch wé,?Mar simpel: Fariseé![I]
FRY-GOD (CUPIDO).
O guwchlery!?Fen pylkje in wjuck,?Hwat macket dy?Ues 't libben drock!
"Wird' ryck, wird wiis,?As SALEMO!"?(Sa swetste, o biis!?? Cupido!)?"Sa min as him?Strekt rie noch die,?As net myn stim?Wralds liedsman wie."
Ho lyts--'n great biis,?? Cupido!?Bist': ryck in wiis?As SALEMO?!
Moarnsier, jounslet,?By nacht, by dey,?Hwa taogest' net?Fenn' goede wey!
Dyn eygen moer?(Godin d?r 't wier!)?Hwat hold hja oer?Fen 't moai? nen sier,?Somt hja troch dy?Beguwch'le waerd:?VULKAEN--har fy--?Hat har forsmaed.
Fry wiern wij, biis!?Wierst' dow yn 't net:?Mar jong in griis?Hast dow forret
Forret, altiid;?'t Is mickje in--sjit??In dat ta spyt?Noch fryen hjit.
Ja, fryen, biis!?Dyn guwch'lery:?In ryck noch wiis?Is by dy fry.
't Is slaewerny,?Wol s?ft, mar f?st:?Dyn wjuckjes--fy!?W?r jaen' se r?st?
Hwat libbet, sjucht?Al w?r ney dy;?Ho schjin ues nocht,?Wy blieow' dy by.
Earst den is 't uet,?As 't kald gebient,?Him, lease guet!?Mey 't gr?f forient.
Neam 't fry den fryen,?O lytse biis!?"'t Gr?f eint ues lyen,"?Sizze ick, is wiis.
FYN.
Fyne no?skes, fyne tongkjes;?Fyne
Continue reading on your phone by scaning this QR Code
Tip: The current page has been bookmarked automatically. If you wish to continue reading later, just open the
Dertz Homepage, and click on the 'continue reading' link at the bottom of the page.